PrintHeader
< werom
home > wenje en libje > brede skoalle

Brede Skoalle

Brede School De WykenSnits wurket oan it ta stân kommen fan fjouwer Brede Skoallen.
De Brede Skoallen komme yn de wiken Duinterpen, Zwetteplan/Noorderhoek, Lemmerweg en Sperkhem.

Yn Snits krije de Brede Skoallen elk in eigen profyl. Dy profilen binne: kânsryk jongereinbelied, opfang, ferriking en ûntwikkelingskânsen foar bern. Binnen in Brede Skoalle wurkje skoallen gear mei oare ynstellings en organisaasjes yn in wyk. Mei inoar rjochtsje hja harren op de ûntjouwing, it wolwêzen fan en de soarch foar bern/jongerein en harren âlden.

De Brede Skoalle is te beskôgjen as ûnderdiel fan syn omjouwing: it is in foarsjenning yn de wyk. Yn it foarste plak set de Brede Skoalle him fansels yn foar ûntwikkelingskânsen foar jongerein, mar dêrneist biedt de Brede Skoalle ek in moetingsplak en opfang- en ûntspanningsromte foar wykbewenners.

In Brede Skoalle kin ien ûnderkommen hawwe, mar kin ek op ferskate lokaasjes sitte, yn 'e mande mei bygelyks it maatskiplik wurk, it pjutteboartersplak, de thússoarch of tuskenskoalse opfang.

Ynformaasje
Klik rjochts ûnder Downloads foar de Ramtnotysje Brede Skoallen en foar Nijsbrieven oer de Brede Skoallen.

Foto © Simon Bleeker