Ynspraak
De gemeente is der foar syn ynwenners. Alles wat der yn de gemeente Snits bart, bart safolle mooglik foar, troch en mei de ynwenners. Snits wol safolle mooglik minsken behelje by it nimmen fan besluten en it meitsjen fan plannen.
Op dizze stiet steane in oantal mooglikheden, lykas it boargerinisjatyf, it referindum en it sprekrjocht, dy't ynwenners fan de gemeente Snits ha om harren stim hearre te litten. Fansels kinne jo mei jo fragen en opmerkings ek altyd kontakt mei it gemeentehûs of de riedsleden opnimme.