Laurentiuslêzing boargemaster Jannewietske de Vries: Fine en Ferbine

Buorren 9 Raerd
Op moandeitejûn 5 oktober fersoarget Jannewietske de Vries, boargemaster fan Súdwest-Fryslân, de jierlikse Laurentiuslêzing yn de Laurentiustsjerke fan Raerd.
  • maandag 5 oktober20:00 - 22:00

Op moandeitejûn 5 oktober fersoarget Jannewietske de Vries, boargemaster fan Súdwest-Fryslân, de jierlikse Laurentiuslêzing yn de Laurentiustsjerke fan Raerd.

Yn har lêzing Fine en Ferbine giet sy yn op de tanimmende polarisaasje yn de maatskippij en op de fraach hoe’t wy de ûnderlinge ferbining fersterkje kinne. Dêrby fertelt se ek hoe’t har persoanlike libben ferbûn is mei har maatskiplike opdracht as boargemaster.
In wichtige rol sjocht sy foar it ‘stille midden’: minsken dy’t kieze foar nuânse, respekt en moeting. Neffens har leit krekt by dizze grutte groep de krêft om brêgen te slaan tusken minsken en it gefoel fan mienskip te fergrutsjen.

De lêzing begjint om 20.00 oere. Tagong kostet € 6,00, ynklusyf kofje of tee. De lêzing wurdt yn it Frysk holden.